Oh God myn God,

hâld my fest,

lied my yn dit libben!

Jo hawwe my ut dizze wrâld skuord

en ik wit mei hiel myn hert, hiel myn verstân, hiel myn siel en hiel myn kreft,

dat Jo echt binne en alles yn hânnen ha.

Jo binne skepper fan himmel en ierde.

Ik kniel nederig foar Jo del en ferbergje myn oangesicht.

Wa bin ik? Yn lytse wjirm ut de ierde, sûndich en brutsen, berne yn smoargens. Finzen as in fûgel yn in see fan ierd-oalje. Doemt om te fergean…

Mar dêr wie Jo hân, Jo hiene gjin inkele reden om my te rêden, want ik wie Jo tsjinstander. Dit kin allinnich mar leafde wêze fan it puurste soart, derom priisje ik Jo grutte Namme fan no ôf oan, oant en mei yn ivichheid! Alle lof en eare komme Jo ta, o grutte en leafdefolle Kening!

 

Hearre help my yn dit bestean, om mei de minsken om te gean dy’t Jo net kinne. Elke fezel fan harren lichem is tsjin Jo keart, mar sa wie ik earst ek, yn myn natuurlike sûndiche staat. Lear my te hâlden fan myn medeminsk en hun te toanen wat net sichtber is…

Grutte leafdefolle Heit reitsje harren herten oan en jou hun wat Jo my jûn hawwe. Ferjou hun harren sûnden, want se witte net wat se dogge. Jo wiisheid is foar de wrâld ommers dwaasheid. Want hokker kening is oait grut wurden troch fernedering en spot? 

 

Hearre stean my by en lied my op Jo wei eltse dei wer, want ik gean hieltyd op e nei yn e fout. Ik modderje mar wat oan. Mar Jo jouwe nea op en beproeve my en slypje my. Ik bin it net wurdich, mar dochs in pearel yn jo hânnen. Tank dat Jo my sjoche en kinne, ja sels troch gronde…

 

Hearre jo hawwe my safolle leart, safolle wiisheid oer wa ’t Jo binne en wat Jo plan is mei Jo skepping. En fan Jo kin allinnich mar de wierheid komme, Jo dy’t alles makke ha. Foar de wrâld is it dwaasheid, mar se soene ris witte moatte hoe geweldich moai de wierheid is en wat foar geweldige takomst Jo ús jaan wolle. Dat te witten jout gjin rêst, nee dat jout bliuwende frede yn it hert!

 

Hearre, sa at de tonger wjerkeatst ûnder it Himmelgewelf en de sinne, moanne en stjerren hun fêste banen boppe ús ôf lizze, sa giet de tiid fjirder en binne Jo geduldich mei Jo skepping. Mar it stiet letterlik yn de stjerren skreaun, wat Jo plan mei de minskheid is.

 

Hearre, soms fielt it dat der safolle ôfstân sit tusken myn neisten (dy't Jo net kinne) en mysels. Safolle wat ik sizze wol, mar myn stem ferstomt. Ik wol nei hun ta rinne, mar bots tsjin in ûnsichtbare muorre. Soms haw ik it oer Jo en dy momenten binne te seltsem, dan noch: it liket sa hoopleas, de wurden komme net binnen. Ik wit it; úteindelik bin Jo it dy't herten bekearre kin.

Want in minsk dy't altyd yn it tsjuster libbe hat, kin dochs sels net it ljocht oan dwaan? Dejinge wit net iens wat ljocht is. Sa kin in deade sichsels net libbend meitsje...

 

Hearre, at wy Jo folgje nimme wy ek diel oan de lêst fan it krús, wy nimme ús eigen krús op ús, mar hoeve dizze net allinnich op de skouders te nimmen. Wat it ynhâld is dat wy net mear dielnimme oan dizze wrâld, we binne mei Jo in oare wei ynslein. Der is in skieding kommen en sommige minsken hawwe dat troch. Op mominten dat je noch gewoan mei dogge yn de activiteiten fan de oaren is der neat oan de hân. Mar sadra je Jo deryn belûke, giet it botsen. 

 

Hearre, oh grutte God, ik wol nei Jo ta, mar hoe moeilik is it om myn neisten achter te litten, mar se kinne neat mear foar my dwaan...

It docht sear, it is lijen, gjinien dy't my goed begriept of my echt kin, dat is iensumheid ten top. Mar Jo binne dêr en kinne my better as dat ik mysels kin. 

Dochs rin ik no noch yn dit libben en bliuw ik sûndigjen, hoe faak ik ek om ferjouwing freegje. Hearre ik fiel my net kompleet en hoefolle ik ek probearje en bid, ik kom mar net ta myn potentie... sa at Jo my make en bedoeld hawwe… Mar dat sil yn dizze wrâld ek net slagje.

 

Dan rest my neat oars mear te sizze; Hearre kom snel; Maranatha!

Dit alles yn Namme fan Jezus Christus, ús Hear en Kening, Amen!

Reactie schrijven

Commentaren: 0