Doop getuigenis 23 juli 2023

Hoi, moai dat jim hjir hjoed binne.

Jim meie getúge wêze fan myn bevestiging om Jezus te folgjen.

Hoewol ik froecher leauwig opfoeden bin, haw ik my der yn myn pubertiid hielendal fan ôf setten, ik woe der neat mear fan witte.

Totdat ik op myn 26ste bekeerd bin; echt kompleet 180 graden draait,

werom nei God. Dat is no 12 jier lien.

 

Ik wol jim graach fertelle hoe’t ik yn it libben stie foardat ik ta leauwen kaam.

Ergens wie ik altyd op siik nei de wierheid oer de libbensfragen. En ik hie der allegear eigen teorien oer. Ik skreau ek wol dingen op; sa hie ik ek op papier zetten; de Bibel is best wol in goed boek; mar se moatte it wurdsje God derút helje.

 

Ja tinke; altyd oan it tinken… en sa hie ik positieve gedachten; werfan ik opleefde. Mar der wienen ek perioades mei hiele negatieve gedachten, en die lutsen mei nei beneden, wertroch ik blokkearde. Ergens op it djiptepunt tocht ik sels dat de minsk wol hielendal gjin seal hawwe soe…

 

Mar just yn dy leste perioade feroare der in rap tempo fan alles, der wie God en hy pakte my op en rêdde my. Ik wit noch dat ik op in dei nei bûten seach en tocht; soe it dan toch wier wêze?

Tageliik hât Hy my in  spiegel foarhâlden; en dat wie in soarte fan Job moment; -Sa fan; wer wiedest do toen ik de ierde grûnfeste, Mathijs?

En foar wa it boek Job net kin; dizze list giet noch wol even fjirder, mei fragen wer ’t je as minsk gjin antwurd op ha. En wertroch je as minsk allinnich mar lytser en lytser wurde.

 

It wie God Dy’t my op it hert lei; Mathijs, lis al dyn eigen wiisheid en teorien neist dy del en lit My dy wiisheid jaan.

En sa is it de ôfrûne 12 jier gien, mei fallen en opstean. Mei perioades dat ik net folle mei God bezich wie, en de negatieve buien binne der ek noch west, tiden weryn ik my brutsen en ellendig fielde.
Mar sadra at ik dan wer by Him kaam, learde ik safolle oer God, oer de skepping en oer Syn plan. In ûnútputtelike bron.

 

Sa learde ik lesten noch de betekenis fan in fergeliking dy’t Jezus makket yn it evangelie fan Lucas. Je moatte gjin nije wyn yn âlde wynsekken dwaan. Nije wyn brúst fanwege it fermenteren. Troch dizze activiteit soenen âlde sekken skuorre.

Jezus brocht ek iets nijs, mar de wrâld wie der net klear foar. Toen net en no net. De nije wyn is der, mar de nije sekken moatte noch komme.

Jezus sil dit bringe by Syn wederkomst; Syn Keninkriik sil alles dúdlik meitsje, alles falt op syn plak.

Sa leau ik dat Syn wederkomst tichtby is, hiel tichtby! En in protte minsken sille sizze; dat roppe ze al ieuwen, en, wer is dy Jezus dan?

Is dat net komplete dwaasheid?

Dat liket miskien wol sa, mar ik leau yn Syn beloftes en der haw ik it folste fertrouwen yn!

 

Ik wol graach ôfslúte in bysûnder nummer fan in Nederlânske muzikant.

Xander Stok is syn namme en hy had mei syn band ‘The new Shining’ in koart skoftsje bekend west yn Nederlân.

Op ynternet stiet in prachtige getúgenis fan Xander; hy hat 20 jier lest hân fan swiere depressies, mar is der troch God fan befrijd toen hy gjin oare útwei mear seach.

God hat him oansetten om nummers te meitsjen fan Bibelhaadstikken. Dus de letterlike Bibeltekst op muziek. It hiit ‘Project of Love’.

 Ynmiddelsk hat hy al it hiele boek Jesaja útbrocht en is no bezich mei Psalmen; elke wike komt der in nij nummer út.

Se freegje Xander yn it ynterview at hy noch lest hat fan depressies; hy seit fan net, want salang at hy ticht by God bliuwt kin him neat oerkomme.

En dan seit ‘er: want God is dit (grut) en dy depressie is dit (sa lyts).

 

Jim kin no lusterje en sjen nei it nummer Jesaja 45 fan ‘Project of Love’:

 

Reactie schrijven

Commentaren: 0